Ek dit jier is it Fertel & Foarlêsfestivalis der wer!
It Fertel & Foarlęsfestival (FFFestival) is in fertel- en foarlęsfeest foar pjutten, skoalbern en âlderein yn Fryslân. Doel fan it projekt is om mear omtinken en stimulâns te jaan oan it foarlęzen en it fertellen fan ferhalen yn it Frysk. Yn pjutteboartersplakken, op skoallen, yn bibleteken, doarpshuzen, âldereinsoarchynstellings, musea en kulturele besikerssintra.
FFFliet
We ha ek in FFFliet! Sjonge jim ek mei? Klik hjir om it liet te hearren.
Hoe kinne wy meidwaan?
Meidwaan is net dreech. Sykje in foarlęzer (ferneamd of minder ferneamd, dat makket neat út!) en organisearje in foarlęs- of fertelaktiviteit. Der binne trije groepen:
Pjutten: Provinsjaal Foarlęsprojekt,de Fertelbus en mei Tomke op 'e foto.
Primęr underwiis: Berneboekesjuery groep 4/5,de Fertelbus en mei Tomke op 'e foto.
Alderein en folwoeksenen: Soarchynstellings en musea, argeologyske stipepunten en histoaryske ynformaasjepunten.
Sjoch by de űnderdielen en materialen boppe oan dizze webside foar de aginda en mear ynformaasje.
Materialen
Foar alle groepen wurde materialen űntwikkele dy’t jo ek bestelle kinne! Sjoch boppe oan op dizze webside by ‘Materialen’. Hjir kinne jo ek in oersjoch fine fan de PR-materialen dy't beskikber komme (maaie).
Komme jo der sels net hielendal út? Nim dan kontakt op mei it sintrale buro. Se kinne jo dęr grif fierder helpe! En ferjit net om ús witte te litten wat jo dogge en wannear. Dan sette wy it yn de aginda en nimme wy it mei yn de algemiene publisiteit!

