Jan Schotanus hat de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery 2010 wûn!

Sjoch foar mear ynformaasje oer it Berneboekesjueryfeest en it winnende boek op de startside fan dizze webside (FFF).

Berneboekesjuery 2010

Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset űnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjeld fertsjinnet.
Fan febrewaris oant en mei april 2010 kinne bern wer lęze foar de Fryske Berneboekesjuery.
Diskear wurde learlingen út de groepen 4 en 5 fan de basisskoallen frege om te oardieljen oer fjouwer boeken, dy’t koartlyn foar harren leeftyd útkaam binne.
De boeken passe by de tema’s Taal, Feest, Natuer en Technyk. Se slute allegear oan by de lesmetoade Studio F, fan it Taalsintrum Frysk/Cedin. It meidwaan oan de Berneboekesjuery kin derom hiel goed in űnderdiel węze fan it wurkjen mei boppeneamde lesmetoade!
De wurkgroep Berneboekesjuery hat lykas altiten in brosjuere makke. Dęr stiet ek in koarte ynhâld fan de boeken yn en ynformaasje oer bygelyks:
• de lęsperioade
• it bestellen fan de boeken
• it ynfoljen fan de dielnameformulieren
• de nammen fan de wurkgroepleden
• de priisútrikking

Op 4 juny 2010 is de feestlike priisútrikking yn De Skâns op ’e Gordyk. Der sil fansels wer in moai program foar de bern makke wurde. De earste 200 bern dy’t meidogge oan de Berneboekesjuery wurde noege foar dat feest!

klik hjir foar mear ynformaasje oer de berneboekesjuery

klik hjir foar mear ynformaasje oer de Studio F boekjes

Omtinken foar meartaligens makket bern gefoeliger en alerter op taal.
De Fryske Berneboekesjuery is bedoeld om it lęzen yn de Fryske taal te stypjen.