Fryske foarlêswike 31 maaie o/m 4 juny
It Provinsjaal projekt lęzen en foarlęzen yn it Frysk oan Pjutten ( 2-4 jier) op Pjutteboartersplakken en Bernedeiferbliuwen is in gearwurkingsprojekt fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep. Tomke is in lęs- en taal befoarderingsprojekt foar jonge bern (pjutten).
Dit jier wurde 27.000 Tomke-boekjes mei ferhaaltsjes printe. Fia it foarlęsprojekt krije omtrint 16.000 pjutten harren boekje mei nei hűs, de rest giet nei konsultaasjeburo’s en bibleteken. 7000 Tomkeboekjes wurde yn oare talen drukt, ű.o. yn it Stellingwerfsk.
Utwurking en koördinaasje
It Selskip soarget foar de organisaasje fan it Foarlęsprojekt: fia in netwurk fan kontaktpersoanen ( 45 frijwilligers ) wurdt yn de Fryske gemeenten it projekt útfierd.
De kontaktpersoanen űnderhalde de kontakten mei de foarlęzers en de pjutteboartersplakken /
Bernedeiferbliuwen en binne ferantwurdlik foar de útfiering yn harren gemeente.
Oer de 300 pjutteboartersplakken / bernedeiferbliuwen hawwe harren oanmelden om mei te dwaan oan de Fryske Foarlęswike, in grut tal hat meardere groepen węr’t oan foarlęzen wurdt – sjoch hjirneist foar opjeften.
Foarlęzers:
Mei troch it grutte tal groepen węr’t oan foarlęzen wurdt, rint it tal foarlęzers dit jier fier
oer de 500 hinne! Spesjaal foar foarlęzers wurde ynformaasje middei/jűnen organisearre, it tema is: 'Tips foar foarlęzers'.
Mear ynformaasje? Sjoch by ‘Materialen’