De fertelbus

De Fertelbus fan de Stichting It Fryske Berneboek (IFBB) sil wer op ’en paad.

Fryske Fertelbus 2010

It Fryske Berneboek organisearret aktiviteiten om it lêzen fan jonge bern te befoarderjen. Ien fan dy aktiviteiten is it ynsetten fan de Fertelbus. In spesjale wurkgroep hâldt him dwaande mei de organisaasje en útfiering fan dit projekt.

It doel is om yn 2010 yn de moannen april, maaie en juny, de bus ride te litten nei pjutteboartersplakken, berne-opfang, skoallen en bibleteken yn Fryslân. It tema is: Ferkear. De Fertelbus slút oan by it ferkearsprojekt fan de Tomkewurkgroep. Sjoerdsje Draaijer hat de bus nei oanlieding fan dat tema ynrjochte. De Fertelbus kin foar ien of mear deidielen oanfrege wurde. Ploechjes fan likernôch 10 oant 15 bern wurde troch in skriuwer/ferteller meinaam nei de Fertelbus en kinne dêr yn in smûk miniteaterke, harkje nei Fryske, Bildtse of Stellingwerfse ferhalen. Op dy wize komme bern op in bysûndere wize yn ’e kunde mei de Fryske berneliteratuer en eventueel mei de skriuwer achter it ferhaal. Oan ’e oare kant ha de fertellers in streekrjocht kontakt mei it jeugdige publyk. Hoe reagearje de bern op harren ferhaal? It kin foar de skriuwers in oantrún wêze om mei nij wurk út ein te setten.

Yn oerlis wurdt bepraat hokker ferteller yn de bus sitte sil. Nei ôfrin fan de fertelhealoerkes leit foar de bern in presintsje klear (Tomke kleurplaat en in sticker).

De Fertelbus kin njonken basisskoallen, pjutteboartersplakken, berne-opfang en bibleteken ek besteld wurde troch oare belangstellenden, mei of sûnder ferteller. It Fryske Berneboek wol belangstellenden sa de gelegenheid jaan om pleatslike fertellers yn de bus te noegjen. De stichting stelt promoasjemateriaal beskikber.

Mear ynformaasje? Sjoch by ‘Materialen’

Op dizze plakken komt de fertelbus:

Juny
8 juny
- Bernedeiferbliuw ‘De Buitenkans’, lokaasje Kansrijk, It Hearrenfean
- Bernedeiferbliuw ‘De Buitenkans’, lokaasje ’t Honk, It Hearrenfean
- Sisa berneopfang Joure, De Jouwer
- Berneopfang ‘De Woelwaters’, De Lemmer
Fertelsters: Marloes Landman, Djûke Elzinga en Manda heerschop, meiwurkers fan de bibleteek Súd Fryslân

9 juny
KBS ‘De Tarissing’,Droegeham
Fertelster: Baukje Hylkema

10 juny
IBS ‘De Welle’,Koudum

11 juny
KBS ‘De Boustien’, De Westereen
Ferteller: Doete Stenekes

14 juny
KBS ‘De Slotskoalle,
Sint Anne
Eigen fertellers
Bysûnderheid: der wurdt ferteld yn it Biltsk

15 juny
KBS ‘De Koppel’, Sint Jabik IBS ‘De Opstap’, Sint Jabik
KBS ‘De Noordster’,Sint Anne
Eigen fertellers
Bysûnderheid: der wurdt ferteld yn it Biltsk

16 juny
IBS ’T Fonnemint’, Sint Anne
Eigen fertellers
Bysûnderheid: der wurdt ferteld yn it Biltsk

18 juny
KBS ‘De Boustien’, De Westereen
Ferteller: Doete Stenekes

21 juny
KBS ‘De Spreng’, Drachten
Fertellers: Riemkje Hoogland en Machiel Braaksma

22 juny
KBS ‘De Oerdracht’,Eksmoarre
Ferteller: Jetske Miedema

24 juny
Pjutteboartersplak ‘Lyts ûnderdak’, Ferwert
IBS ‘Op ‘e Trije’, Ferwert
KBS ‘De Flieterpen’, Reitsum
IBS ‘Op ‘e Dobbe’, Hallum
Foar: groep 1, 2 en 3
Ferteller: Riemkje Hoogland – Pitstra

25 juny
Bernedeiferbliuw ‘Bernelân’, Ljouwert
Bernedeiferbliuw ‘It Sinnebern’, Ljouwert
Bernedeiferbliuw ‘Bernestate’, Ljouwert
Foar: groepen fan likernôch 2 jier
Ferteller: Riemkje Hoogland – Pitstra