Dat wie doe sa
Oftraap FFF
De ôftraap foar it FFF op 1 juny wurdt fersoarge troch de skriuwers Johan Veenstra, Mindert Wynstra, Neeltje Bonnema, Ytsje Hettinga en Riek Landman. Sy lęze op ferskate plakken yn Fryslân foar út de spesjaal foar dit FFFestival gearstalde ferhalebondel. De bondel is foar alle soarchynstellings fergees te krijen.
Dit jier dogge ek tal fan musea, argeologyske stipepunten en histoaryske ynformaasjepunten mei oan it projekt. Achter de foarwerpen yn musea sitte faak prachtige ferhalen. Yn de twa wiken fan it festival komme meiwurkers fan in tal musea del by soarchynstellings om te fertellen oer in foarwerp dat sy meinimme sille. Oan de hân fan âlde foarwerpen, űntsteane faak nijsgjirrige petearen mei de bewenners, fral omdat sa’n foarwerp in protte reaksjes by harren opropt.
Start fan it projekt, tiisdei 1 juny om 10.00 oere:
Johan Veenstra lęst foar yn Berkenstede Wolvegea
Mindert Wynstra lęst foar yn Vegelin State De Jouwer
Neeltje Bonnema lęst foar yn Marijke Hiem It Hearrenfean
Ytsje Hettinga lęst foar yn Frittemahof Snits
Riek Landman lęst foar yn Leppehiem Akkrum
Nei oanlieding fan ferhalen en/of bylden fan eartiids wurde de bewenners yn soarchsintra prikkele en aktivearre; fan earder tiden witte se faak noch in soad! De searje ‘Dat wie doe sa’ bringt boeken op ’e merk dy’t hjirfoar tige gaadlik binne. Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s en fraachpetearen beljochtsje it űnderwerp fan alle kanten en jouwe in protte oanlieding ta in petear. De rige wurdt skreaun troch Baukje Wytsma en Akky van der veer en bestiet út de titels:
Diel 1: Skoalle
Diel 2: Beroppen
Diel 3: Feest
Diel 4: Iten en drinken
Diel 5: Sport
Diel 6: Sjonge en spylje
Sjoch foar mear ynformaasje by materialen of op www.datwiedoesa.nl.
In ferhaleboekje foar de âlderein
Foar foarlęzers en bewenners yn fersoargingstehuzen wurdt dit jier wer in ferhaleboekje gearstald.
Aktiviteitebegelieders, foarlęzers kinne sa’n boekje bestelle foar harren foarlęsgroep, mar ek foar bewenners dy’t it aardich fine om sels te lęzen, kin it boekje besteld wurde. Mear ynformaasje hjiroer folget noch.
Musea
Achter de foarwerpen yn musea sitte faak prachtige ferhalen. Dęrom dogge ek guon musea, argeologyske stipepunten en histoaryske ynformaasjepunten mei oan it Festival.
Soarch en musea
Tidens de twa wiken fan it festival komme meiwurkers fan in tal musea lâns by soarchynstellings om te fertellen oer in foarwerp dat sy meinimme sille. Oan de hân fan faak hiel âlde foarwerpen, űntsteane nijsgjirrige petearen mei de bewenners, fral omdat sa’n foarwerp in protte reaksjes by harren opropt. De museummeiwurker kin ek foarlęze út it nije ferhaleboekje en dęrby in geskikt foarwerp meinimme.
De bedoeling is dat in museum dy’t by jimme yn ’e omjouwing fęstige is, kontakt opnimt. Is jim ynstelling noch net benadere, dan kinne jimme sels ek kontakt mei in museum opnimme.