Materialen
Pjutten
Tomke-boekje. It nije Tomke-boekje 2010 ferskynt ein maaie 2010. It boekje hat de titel 'Tomke en Romke yn it ferkear'. Fia it foarlesprojekt krije 16.000 pjutten harren boekje mei nei hús, de rest giet nei konsultaasjeburo’s en bibleteken. Sjoch by ‘Foarlęswike’ foar mear ynformaasje. Fierdere ynformaasje oer it projekt foarlęzen oan pjutten: It Selskip: Geeske Frieswijk: 0513 632989 en Tomke-wurkgroep: Alian Akkermans: 058 2343073 of Carolien Hoekstra 058 2343070
Primêr ûnderwiis
Berneboekesjuery: Alle basisskoallen yn de provinsje hawwe yn jannewaris ynformaasjemateriaal tastjoerd krigen oer de Berneboekesjuery. Sjoch by ‘Berneboekesjuery’foar mear ynformaasje.
Fertelbus:
Doel: Lęsbefoarderingsprojekt Fryske berneliteratuer.
Datum: De Fertelbus is op oanfraach beskikber yn de moannen april, maaie en juny 2010 (6 april oant ein juny). Fan 1 oant 15 juny is it Fertel & Foarlęsfestival. De Fertelbus slút by dat festival oan. Yn dy perioade wurdt net allinne foarlęzen oan lyts mar ek oan grutten, dus fan pjut oant âlderein.
Doelgroep Fertelbus: Bern fan 2,5 oant 8 jier. Mar it is ek mooglik oan âldere bern te fertellen (midden- en boppebou skoallen). Dęr wurde spesjale fertellers foar frege.
Kosten:
Op ien deidiel kin fjouwer kear oan in groep fan 15 bern ferteld wurde. De kosten fan in deidiel mei ferteller binne € 150,-, sűnder ferteller € 75,-. De bus kin ek foar in heal deidiel oanfrege wurde. Dan binne kosten: mei ferteller € 100,- en sűnder ferteller € 50,-.
De Wurkgroep Fertelbus bestiet út:
Geartsje Douma
Auck Peanstra
Joke Scheffer
Thys Wadman
Janny Bottema
Jeltsje de Jong
Foar mear ynformaasje: Stichting It Fryske Berneboek, telefoan: 058-2343090, e-mail: janny.bottema@tresoar.nl
Of stjoer it oanfraachformulier yn dat fan www.itfryskeberneboek.nl helle wurde kin. Sjoch by ‘Fertelbus’ foar mear ynformaasje.
Alderein
De searje ‘Dat wie doe sa’:
Diel 1: Skoalle
Diel 2: Beroppen
Diel 3: Feest
Diel 4: Iten en drinken
Diel 5: Sport
Diel 6: Sjonge en spylje

Sjoch op www.datwiedoesa.nl foar mear ynformaasje. De boeken binne te keap (Bűterhoeke 3, Ljouwert) of te bestellen by Afűk (tel. 058-2343070).
PR-materiaal
Foar PR kinne űnderskate materialen brűkt wurde:
FFF-poster: Wy dogge mei!
(fanôf maaie te ferkrijen)
It PR materiaal wurdt troch de ferskate organisaasjes ferspried. Dęrneist kin it besteld wurde fia fffestival@afuk.nl Graach gegevens en oantal poster en/of flijers trochjaan en węrfoar it materiaal brűkt wurdt.
Parseberjochten: sintraal sille parseberjochten ferstjoerd wurde nei regionale, lokale en doarpskranten. Fansels kinne jo sels ek de publisiteit sykje, mar ferwiis dan wol nei it projekt en nim eefkes kontakt op mei Fokke Jagersma, Afűk (058-2343070).
Publisiteit algemien: der komme advertinsjes op Omrop Fryslân televyzje en fansels krijt dit webstek ek in protte besikers!